Liet by de doop fan ús bern

By de doop fan ús trije bern yn 1998, 2001 en 2002 song ik yn tsjerke it liet ‘Ek al bisto noch sa lyts’ dat ik sels skreaun hie. It bart noch geregeld dat minsken my dêr op oansprekke. In pear wiken lyn fûn ik it wer en haw ik it opnaam. It stiet no op Spotify, Apple Music en YouTube.

Spotify: https://open.spotify.com/album/6Y0thFUlnD9ICmjRNu2gmK

Apple Music: https://music.apple.com/nl/album/ek-al-bisto-noch-sa-lyts-single/1789130171

YouTube: https://youtu.be/H8OJ721vZYg?si=ADe87lWWmuu3xkAB

Ek al bisto noch sa lyts

Do bist noch sa lyts
Dat ik dy net sizze kin
Hoefolle asto foar ús betsjutst
Do bist foar ús in wier Godsgeskink
Ja, it wûnder is sa grut
 
Mar wat ik net sizze kin
Dat haw ik eins al sein
Troch alle leafde dysto krigest
En ik sil it sizze hiel dyn libben lang
Ek al bisto noch sa lyts
 
Do bist noch sa lyts
Datsto net heal wist
Datst er al hielendal by hearst
Ik bin noch net fuort as ik dy al wer mis
En do bist 'r noch mar krekt
 
Mar watsto net witte kinst
Dat witsto eins al wol
Troch alle leafde dysto krigest
En ik sil it sizze hiel dyn libben lang
Ek al bisto noch sa lyts:
 
,,Wy ha dy krigen
Sa fiele wy dat
Wy ha dy krigen
Ut hannen fan God''
 
Do bist noch sa lyts 
Datsto noch net begrypst
Wat hjir hjoed no mei dy bart
Mar moarn silst it witte, ek al bisto noch sa lyts
Wat it foar ús betsjutten hat
 
Want wat ik net sizze kin
Dat sil ik sizze eltse dei
Troch alle leafde dysto krijst
En ik sil it sizze hiel dyn libben lang
Want hoe grut ek, wy binne der foar dy
 
Want hoe lyts ek, Hy is er al foar dy

Meer artikelen