Sa ûnwennich al

(So Incredible – Ilse DeLange)

 
It is midden yn ‘e dei, ik lis yn de sinne
Mar dochs fyn ik net myn draai, ‘k mis dy om my hinne
Sjoch my hjir, ik kin dy krekt, en ik fal en fal en fal
Foar it wûnder dat wy ha, foar dyn leafde hielendal
O, it is slim…

Sa ûnwennich al bin ik fan dy
Al kin’k dy krekt, litst my net frij
Ik skuor my los, en treast my mei d’ien oft oare gedachte.
Sa ûnwennich al…(yntro)
Sa ûnwennich al

It is midden yn ‘e nacht, en ik lis noch wekker
Om’t ik oan dy tinke moat, ‘k fiel my echt net lekker
Mar dan fal ik dochs yn sliep en ha sa’n moaie dream
Duorre er mar hûndert jier en jousto my in tút dan
O, it is slim…

Sa ûnwennich al bin ik fan dy
Al kin’k dy krekt, litst my net frij
Ik skuor my los, en treast my mei d’ien oft oare gedachte.
‘k kin net mear wachtsje, witst dat wol?
Sa ûnwennich al

Hiel my wrâld draait no
Om dy en wat ik graach wol
Is datsto by my bliuwst… o, o, o