Do bist in ingel foar my

(Angels – Robbie Williams)

Ik sit op wacht
Komt in ingel foar it ljocht fannacht
Want witsto wol
Myn hert dat is sa fol
Fan datsto hjir komst
De himel sjongt
Dat myn hoeder alle eangst ferdrong
No bin ik sa ticht by dy
Dat ik yn tinzen swij
En dyn leafde my befrijt
Do bist in ingel foar my

Want as ik wol dan jousto my beskerming
Mei alle leafde en ûntferming
Sa goed sa kwea it gong
En yn in frije fal
Silsto mei my mei springe
My op wjukken nimme
Do skuorst my út it dal oer bergen hinne
Do bist in ingel foar my

En jou ik belies
Dan gietsto foarop, mei yn de striid
As ik dy sjoch
Setsto myn wrâld yn in himelsk ljocht
Omdatsto yn my leauwst
Wier, bid ik datsto bliuwst
Ik bin segene mei dy
Do bist in ingel foar my

Want as ik wol dan jousto my beskerming
Mei alle leafde en ûntferming
Sa goed sa kwea it gong
En yn in frije fal
Silsto mei my mei springe
My op wjukken nimme
Do skuorst my út it dal oer bergen hinne
Do bist in ingel foar my

Want as ik wol dan jousto my beskerming
Mei alle leafde en ûntferming
Sa goed sa kwea it gong
En yn in frije fal
Silsto mei my mei springe
My op wjukken nimme
Do skuorst my út it dal oer bergen hinne
Do bist in ingel foar my

Meer artikelen