
Al voor het ploffen van de coalitie in de gemeente Noordeast-Fryslân vorig jaar, was Jouke Douwe de Vries al ‘om ‘m hinne oan it sjen’. Hij was op zoek naar een nieuwe uitdaging en daarbij lag een bestuurlijke baan voor de hand, en die kwam dichterbij dan hij had verwacht: burgemeester van Achtkarspelen.
BUITENPOST – Inmiddels draagt Jouke Douwe de Vries de ambtsketen van Achtkarspelen alweer ruim een half jaar. En met zichtbaar plezier. „Wat de bestjoerlike tema’s oanbelanget siet ik der hiel gau wer yn. En kontakten mei de oare gemeenten hie ik ek al. Mar ik moat noch wol wenne oan de ‘rol’, dat minsken oars nei je sjogge as boargemaster.”
De Vries werd geboren in Berltsum en verhuisde op vijfjarige leeftijd naar Sint Annaparochie, waar zijn vader muziekdocent was op CSG Ulbe van Houten. Taal werd toen al gauw een dingetje. „We praten thús Frysk en ik ferstie earst neat fan it Bildtsk. Letter haw ik dêr op skoalle sels noch les yn hân. Ik ha yn Ljouwert studearre, myn frou Jelly-An yn Grins.” vertelt de nog in Dokkum woonachtige bestuurder.
De aanstaande Buitenposter volgde de lerarenopleiding, in de vakken Nederlands en Engels. Ook bekwaamde hij zich in grafisch vormgeven en pr/communicatie. Hij kwam in Dokkum voor de klas. „Yn Dokkum joech ik foaral Nederlânsk. Ik ha dêrnei ek noch yn Meppel en op it Lauwers College yn Buitenpost wurke, foardat ik weromkaam yn Dokkum.”
Uiteindelijk schoof het beroepsmatig van de onderwijskant meer naar het management. In 2010 werd hij gevraagd bij CSG Bogerman in Sneek, voor het team havo/vwo onderbouw. „Ik ha njoggen jier yn Snits wurke. Op Bogerman haw ik ûnder oaren it Technasium mei opsetten en it iPad-ûnderwiis mei ynfierd. Yn 2016 bin ik oerstapt nei Friese Poort yn Snits, dat wie letterlik oan ‘e oare kant fan de dyk.”
In politiek opzicht had de geboren Berltsumer ook al de nodige ervaring. „Ein jierren ‘80 kaam ik by it CDJA (de jongerenafdeling van het CDA – red.). Letter waard ik foarsitter fan de provinsjale ôfdieling.” In 2006 werd De Vries raadslid voor het CDA in Dongeradiel en fractievoorzitter, maar hij verliet die partij in 2013. „Dat kaam troch de gearwurking mei de PVV.”
Sosjalere koers
„Nei myn mening moast it CDA in sosjalere koers farre. Mei Klaas van der Galiën haw ik doe in jier lang in twamansfraksje hân.” De fractie bestond vanaf 2014, naast De Vries als fractievoorzitter, uit raadslid Rebecca Slijver en commissielid Johan Lammering. Bij de herindelingsverkiezingen van 2018 ging Dongeradeel Sociaal verder als S!N (Sociaal in Noardeast-Fryslân). In 2019 werd de Dokkumer wethouder en ging hij ook weer aan de studie, aan de Open Universiteit: managementwetenschappen. In de coronaperiode behaalde hij daarin zijn mastersgraad.
In 2022 werd De Vries opnieuw wethouder namens S!N, alsook Rebecca Slijver. „Ik hie it sosjaal domein, wolwêzen, ûnderwiis en finânsjes yn portefúlje.” Begin juli stapte S!N uit de coalitie na discussies over een asielzoekerscentrum in Dokkum. „Ek de persoanlike ferhâldings wiene dêrtroch bot fersteurd.”
Ik woe wat oars
Al voor deze stap had de Dokkumer de blik naar elders verlegd. „Ik woe wat oars, en ik ha lang neitocht oer oft it boargemasterskap wat foar my wêze soe. Ik ha it dêr geregeld mei Johannes Kramer (boargemaster fan Noordeast-Fryslân) oer hân en letter, doe Achtkarspelen fakant kaam, ek mei Oebele Brouwer (doe boargemaster fan Achtkarspelen). Ik ha doe sollisitearre nei it boargemasterskap fan Achtkarspelen en trije wike letter klapte de brut yn Noardeast-Fryslân en hie ik gjin wurk mear.”
De keus voor Achtkarspelen was niet moeilijk. „Ik woe graach in Frysktalige gemeente en in gemeente wêr’t útdagingen lizze. En dan komme je al op Achtkarspelen út. Sa leit der bygelyks in grutte útdaging yn it beslút om selsstannich te bliuwen (de ambtelijke samenwerking met Tytsjerksterdiel is gestopt – red.) en ek finansjeel. Mei wethâlder Harjan Bruining bin ik drok oan it lobbyen west yn De Haach, mar de finansjele problemen bliuwe. It finansjele ravyn dat takom jier drige, is allinne twa jier opskood.”
‘Moaie rol’
De Vries ziet het burgemeesterschap als een ‘moaie rol’. „Lykas by de deadebetinking, de lintsjes en de jubilea. Dat hawwe we sa ferdield: ik doch de houliksjubilea fan 65 jier ôf, de wethâlders yn harren rol as loko-boargemaster de 60-jierrige. Dêrnjonken gean ik ek op besite by de ynwenners fan ús gemeente dy’t 100 jier of âlder wurde.”
Vlak voor zijn komst had de gemeenteraad besloten om de (ambtelijke) samenwerking met Tytsjerksteradiel te beëindigen. „As je net mear as doel hawwe om bestjoerlik te fusearjen, wurket in amtlike gearwurking net. Mar dat beslút hat wol hiel wat fuotten yn ‘e ierde. Sa binne we noch drok dwaande mei de opbou fan de nije amtlike organisaasje.”
„Fierder moatte we ek sjen wat dy selsstannichheid nei de takomst ta betsjut. Dat is ien fan ‘e opdrachten foar de kommende tiid. Watfoar gemeente wolle wy wêze? It is hjir prachtich wenjen, wurkjen en rekreëarjen, mar we rjochtsje ús dêrby foaral op ús eigen ynwenners. Doarre we ek wat mear bûten ús gemeente te sjen? En wat betsjut dat dan? Dêr wolle wy it de kommende tiid graach mei ús ynwenners oer hawwe.”
Winkels leech
Buitenpost heeft sinds kort een fraai opgeknapt centrum. „Mar der steane ek winkels leech. We moatte in folgjende stap sette. Mear huzen bouwe, betsjut ek wat it foarsjenningenivo. Dat kin dan yn stân bliuwe. Dat jildt foar Bûtenpost, mar ek foar de doarpen en yn Surhústerfean waard lêsten ek sein dat der mear huzen boud wurde moatte. Achtkarspelen leit prachtich tusken Ljouwert, Grins, Dokkum en Drachten yn. We kinne dêrop ynspylje troch ús mear te profilearjen as wengemeente.”
Ik skriuw al teksten en muzyk sûnt de jierren ’80. Popferskes
Het dragen van een ambtsketen is niet altijd gemakkelijk. Vorig jaar stopten diverse burgemeesters en leek het ambt minder in trek. Een zorgelijke ontwikkeling was ook bedreigingen aan het adres van burgemeesters. „Ik wie as wethâlder wol wat wend en bin der net bang foar. Ik bin my der wol bewust fan, mar fiel my fan gjin inkelde kant ûnfeilich. En as ien earne oars oer tinkt, litte we it der dan oer hawwe, soe ik sizze.”
Muziek
Tussen de bestuurlijke bedrijven door is weinig tijd voor hobby’s. Een grote is muziek. „Ik skriuw al teksten en muzyk sûnt de jierren ’80. Popferskes. Ik bespylje meardere ynstruminten. Ik ha yn de jierren ’90 en ’00 geregeld oan it Fryske festival LIET meidien.”
Optreden komt er al lang niet meer van, „mar ik ha de ôfrûne jierren wol 50 fan myn lieten op Spotify en Youtube publisearre. En ik ha noch wol in stik as tsien ferskes lizzen dy’t ik noch graach opnimme wol. Dat doch ik trouwens allegear sels, ik ha thús in lytse studio. Mar ik wit net hoefolle tiid ik dêr aanst noch foar ha, mei it boargemasterskap en, net te ferjitten, de ferhuzing nei Bûtenpost dy’t deroan komt.”
Bron, tekst en foto: De Feanster | Germ Geersing


