“O, dan giet it net oer Achtkarspelen,” klonk it in bytsje teloarsteld, doe’t ik sei dat myn nije single ‘Do Bist De See’ hjit. “Mar dat komt noch wol,” sei ik gerêststellend.
‘Do Bist De See’ haw ik noch opnaam, foardat ik boargemaster waard. It liet is tegearre mei noch in oar liet ‘It Sâlt En It Swiet’ no te beharkjen op…
Spotify: https://open.spotify.com/album/5aGqpOkSQnv462RnBkj4kV
Apple Music: https://music.apple.com/nl/album/do-bist-de-see/1796659227?i=1796659229
YouTube: https://www.youtube.com/watch?v=FypL6d7jC2w&list=OLAK5uy_nYNHt40XjTYijJfjk2LpUlGd5C2y2k7z
(Nederlands)
“O, dan gaat het niet over Achtkarspelen,” klonk het een beetje teleurgesteld, toen ik zei dat mijn nieuwe single ‘Do Bist De See’ heet. “Maar dat komt nog wel,” zei ik geruststellend.
‘Do Bist De See’ heb ik nog opgenomen, voordat ik burgemeester werd. Het lied is samen met nog een ander lied ‘It Sâlt En It Swiet’ nu te beluisteren op Spotify, Apple Music en YouTube (links hierboven).
Do bist de see
Ik stean op 'e dyk
En harkje nei de see
It rûzjen fan de wyn
It wetter stiet wer heech
Ik sykje de rêst
By in helgrize loft
Yn 'e romte fyn ik dy
Sa't ik altyd wer doch
Do bist de see
Myn ebbe nei de floed
Do bist de see
De weagen dy't dûnsje yn myn bloed
Ik sjoch oer it Waad
It reint op 'e nij
Hjir boppe-op de dyk
Skûlje ik by dy
Do bist de see
Myn ebbe nei de floed
Do bist de see
De weagen dy't dûnsje yn myn bloed
Hoe leech de wrâld ek fielt
By it dimjen fan it ljocht
Fan fierren yn it slyk
hear ik dy
En skuorsto my dertroch
Do bist de see


