Sjoch omheech

(Kijk Omhoog – Nick & Simon)

 
Nei in lange fal
Klimsto wer út it dal
Sjoch nei de tiid dy‘t komme sil
Hoe folsto dy yn?
Do wist it like min
Do krijst net alles nei it sin

Dyn holle fol soargen
Hâld dyn lichem yn ‘e macht
Der komt altyd in moanne
Ek yn de langste nacht

Sjoch omheech nei de loft
Sykje no gjin antwurd
Lit it los, hâld dy fêst oan my
Dizze wei wiist ‘msels
Hij liedt dy nei de takomst
Dizze wolk driuwt gau foarby

Der komt feroaring ta beslút
Do kinst no wer foarút
Do fielst de sinn’ op dyn gesicht
De heechste tiid foar dy
Datsto dysels befrijst
Doch dyn eagen net mear ticht

Dyn holle fol soargen
Hâld dyn lichem yn ‘e macht
Der komt altyd in moanne
Ek yn de langste nacht

Sjoch omheech nei de loft
Sykje no gjin antwurd
Lit it los hâld dy fêst oan my

Sjoch omheech nei de loft
Sykje no gjin antwurd
Lit it los, hâld dy fêst oan my
Dizze wei wiist ‘msels
Hij liedt dy nei de takomst
Dizze wolk driuwt gau foarby
Dizze wolk driuwt gau foarby
Dizze wolk driuwt gau foarby

Meer artikelen