Viva Frisia

(Viva La Vida – Coldplay)

 
Ik hearske oer de wrâld
Seeën foelen ûnder myn bewâld
No bin ik it dy’t de diken faaid
Faai diken dy’k sels oanlei

Ik spile it spultsje goed
Preau de eangst yn myn fijân syn bloed
Harke nei it folk dat song
“Aldgillis is dea! Lang leve syn soan!”

Even hie ik de kaai
_ Wer letter socht ik dernei
‘k Wist ik hie myn kastielen boud
Op bergen fan macht en bergen fan goud

Ik hear de Doarestêd klokken lieden
Franken dy’t sjonge foar harren striders
Wês myn spegel, myn swurd en skyld
Myn misjonaris yn’t bûtenfjild
Kin net sizze wêr’t it oan leit
Mar sûnt dy tiid haw ik nea, nea in earlik wurd mear hân
Doe’t ik hearske oer de wrâld

It wie de fûle en wylde wyn
Blaasd’ alles fuort, liet harr’n deryn
Stikkene huzen, in mars fan skuon
Minsken koenen my doe net mear werom
De Angelsaksen ha
Myn kop al op in sulv’ren board
In marjonet oan ien inkeld tou
Oh wêr binne dy keningen no?

Ik hear de Doarestêd klokken lieden
Franken dy’t sjonge foar harren striders
Wês myn spegel, myn swurd en skyld
Myn misjonaris yn’t bûtenfjild
Kin net sizze wêr’t it oan leit
Ik wit dat Karel myn namme seit
Gjin earlik wurd mear hân
Doe’t ik hearske oer de wrâld

(Ohhhhh Ohhh Ohhh)

Ik hear de Doarestêd klokken lieden
Franken dy’t sjonge foar harren striders
Wês myn spegel, myn swurd en skyld
Myn misjonaris yn’t bûtenfjild
Kin net sizze wêr’t it oan leit
Ik wit dat Karel myn namme seit
Gjin earlik wurd mear hân
Doe’t ik hearske oer de wrâld

(Ohhhhh Ohhh Ohhh)

Meer artikelen