Lake troch triennen

(Tranen Gelachen – Guus Meeuwis)

 
Rein yn myn hert, in middei yn maart, myn tinzen sa swart as de nacht
Mar dan tink ik oan dy en stap út it skaad, it fielt krekt oftsto myn hân pakst

Dus nim ik myn jas, gean ik nei bûten, de sinne brekt troch yn myn gemoed
Us moaie mominten lizz’ op myn rûte, sa rin ‘k yn in neimiddeis gloed

Want hjoed gean ik werom nei froeger, gewoan om te sjen oft it is sa’t ik wit
Fan dy herinnerings dy’t wy mei ús droegen, dy’t kleure waard’n troch de leafde
en ’t ferjit

Ik ha lake troch triennen fan tank en fertriet
En ik fielde hiel even… datsto by my wiest

Dan leit de jûn my in hân op it skouder. “Hoe is it mei dy?” seit in stimme hiel sacht
Hjir yn dit ljocht likest suver neat âlder. ‘’It giet wol,” sis ik, mar dan komt de nacht

Ien foar ien komme de triennen, de tinzen oan doe binn’ moaier dan oait
De gedachte oan dy is noch altyd hiel libben, de tinzen oan doe binn’ moaier
dan oait

Ik ha lake troch triennen fan tank en fertriet
En ik fielde hiel even… datsto by my wiest

In ingel daald’ ôf, dy moarntiid yn maart flústert de maaitiid begjint
En soms is it noch kâld, mar myn hert is wer waarmer, de winter wie lang,
mar de maaitiid begjint

Ik ha lake troch triennen fan tank en fertriet
En ik fielde hiel even… datsto by my wiest

Meer artikelen