oersettings

  • Berichtcategorie:politiek

Hieronder vind je een aantal van mijn “oersettings yn it Frysk” (vertalingen in het Fries).

Asto myn leafde wolst

(Make You Feel My Love – Adele)

As de rein wer slacht yn dyn gesicht
En de hiele wrâld tsjin dy is
Is’t yn dizze earms datst skûlje kinst
Asto myn leafde wolst

As mei de skimer jûns it skaad ferskynt
En der net ien is dy’t dyn triennen fynt
Dan treast ik dy oant de nacht ferdwynt
Asto myn leafde wolst

Do seist do witst it allegear noch net
Mar it giet goed, wês mar net bang
Doe’t ik dy seach, witst ik it drekst
En dan is der dochs mar ien ding fan belang?

‘k Sil dy folgje, jou my oan dy oer
Ik sil foar dy op knibbels troch it fjoer
Nee, der is neat dat ik ___ net dwaan soe
Asto myn leafde wolst

De stoarmen raze oer in wylde see
En oer de weagen fan dyn hert
Mar sjoch no ris om ___ nei my yn stee
Want sa’n ien as my ___ seachsto noch net

Ik bring dy lok, ik meitsje alles goed
Der is neat ____ dat ik net dwaan soe
Gean mei dy de hiele ierde oer
Asto myn leafde wolst
Asto myn leafde wolst

Harkje hjir nei de útfiering fan Carinda Pander (SjONG 2015)

Do bist in ingel foar my

(Angels – Robbie Williams)

Ik sit op wacht
Komt in ingel foar it ljocht fannacht
Want witsto wol
Myn hert dat is sa fol
Fan datsto hjir komst
De himel sjongt
Dat myn hoeder alle eangst ferdrong
No bin ik sa ticht by dy
Dat ik yn tinzen swij
En dyn leafde my befrijt
Do bist in ingel foar my

Want as ik wol dan jousto my beskerming
Mei alle leafde en ûntferming
Sa goed sa kwea it gong
En yn in frije fal
Silsto mei my mei springe
My op wjukken nimme
Do skuorst my út it dal oer bergen hinne
Do bist in ingel foar my

En jou ik belies
Dan gietsto foarop, mei yn de striid
As ik dy sjoch
Setsto myn wrâld yn in himelsk ljocht
Omdatsto yn my leauwst
Wier, bid ik datsto bliuwst
Ik bin segene mei dy
Do bist in ingel foar my

Want as ik wol dan jousto my beskerming
Mei alle leafde en ûntferming
Sa goed sa kwea it gong
En yn in frije fal
Silsto mei my mei springe
My op wjukken nimme
Do skuorst my út it dal oer bergen hinne
Do bist in ingel foar my

Want as ik wol dan jousto my beskerming
Mei alle leafde en ûntferming
Sa goed sa kwea it gong
En yn in frije fal
Silsto mei my mei springe
My op wjukken nimme
Do skuorst my út it dal oer bergen hinne
Do bist in ingel foar my

Immen brûke

(Use Somebody – Laura Jansen / Kings of Leon)

 
Foar in krystfiering mei it tema ‘Stjer’ brûkt mei it refrein ‘In stjer as dy / my’.

 
Ik strún hjir mar wat om altyd like dom yn wat ik sis
Draach in masker fiel my wakker wiis en wis
Witsto ik kin wol immen brûke
Witsto ik kin wol immen brûke

Sa’n ien as dy (In stjer as dy), dy’t gewoan seit wêr’t it op stiet
Sjocht de leagen ûnder eagen sa’t der is
Witsto ik kin wol immen brûke
Witsto ik kin wol immen brûke

Sa’n ien as dy (In stjer as dy) oooooh oooooooh ooooooh …
Sa’n ien as dy (In stjer as dy) oooooh oooooooh ooooooh …

Fuort yn ‘e nacht libj’ik my út en wylsto sliepst
Winskj’ik oars net as te dichtsjen wat ik mis
Ik hoopje datsto my hjir no sjochtst
Ik hoopje datsto my hjir no sjochtst

Sa’n ien as my (In stjer as my) oooooh oooooooh ooooooh …
Sa’n ien as my (In stjer as my) oooooh oooooooh ooooooh …

Ik wol it, ik wol it, ik wol it no
Ik wol it, ik wol it, ik wol it no

Woooooh ooooooohh oooooohhh …
Sa’n ien as my (In stjer as my) ooooooohh oooooohhh …

Ik strún hjir mar wat om altyd like dom yn wat ik sis

Ik wol fiele dat ik libje (gabriella’s sang)

(út ‘e film ‘As it is in Heaven’)

 
Myn eigen oersetting, dus in oare as dy fan Gesina van der Zwaag.

 
Dit is no it libben fan my
Ik krige in tiid hjir op ierde
En myn langstme hat my hjir laat
Wat ik miste en wat ik kriich

Dochs is dit de wei dy’t ik keas
Myn fertrouwen grutter as wurden
Sa ha ik in lyts stikje sjoen
Fan de himel dy’t ik nea fûn

Ik wol fiele dat ik libje
Al de tiid dy’k ha
Sil ik libje sa’t ik wol
Ik wol fiele dat ik libje
Witte ik wie weardefol

Ik fergeat echt nea wa’t ik wie
Ik ha inkeld it sliepe litten
Miskien hie’k wol gjin oare kar
Inkeld de wil om te bestean

Ik wol lokkich libje, om’t ik my wer bin
Stean ik hjir no sterk en frij
Sjoch de nacht dy wurdt wer dei
Ik bin hjir en myn libben is fan my
En de himel dêr’t ik yn leau
Sil ik fine hjir en no

Ik wol fiele dat ik libbe ha

Hallelujah

(Hallelujah – Lisa Loïs / Leonard Cohen)

 
Myn eigen oersetting, dus in oare as dy fan Bart Kingma foar ‘Cohen yn it Frysk’.

 
Ik hearde fan’t geheim akkoart
Dat David spile en God genoat
Mar muzyk is eat dat dy noch nea betsjoend hat
No, it giet sa: de fjirde, de fyfd’
De mineur falt, de majeur riist
De kening skoep in wûnder Hallelujah

Hallelujah, hallelujah,
hallelujah, hallelu-u-u-u-jah

Dyn leauwen sterk, mar’t fleis is swak
Do seachst har baaien op it dak
Har skiente en it moanneljocht oerfoel hja
Se bûn dy oan de keukenstoel
She bruts dyn troan en dyn hier foel
En fan har lippen blies it Hallelujah

Hallelujah, hallelujah,
hallelujah, hallelu-u-u-u-jah

Ik die myn bêst, mear koe ik net
It wie te min, mar’t is no te let
Ik spruts de wierheid, dat is wat ik bedoeld ha
En ek al gong in soad ferkeard
As ik aanst foar de Heare stean
Dan sil’k oars net sjonge as Hallelujah

Hallelujah, hallelujah,
hallelujah, hallelu-u-u-u-jah…

Hallelujah, hallelujah,
hallelujah, hallelu-u-u-u-jah

Yvonne

(Rosanne – Nick & Simon)

 
Yvonne witsto dat der hjir in jonge is
Elke dei soe hy wolle datsto der wer bist
Want dyn leafde dêr’t ik doe blyn foar fallen bin
Wol ik leaver leaver leaver leaver hjir wer sjen

Doe’t ik tocht dat ik dy hie, hiesto fuort alwer dyn nocht
Net te leauwen der sa fier by troch
Mar ik fiel noch de leafde, elk’kear as ik dy sjoch
Fan ‘e jûn wol ik witte oftso my noch wolst
Oh oh oh

Yvonne witsto dat der hjir in jonge is
Elke dei soe hy wolle datsto der wer bist
Want dyn leafde dêr’t ik doe blyn foar fallen bin
Wol ik leaver leaver leaver leaver hjir wer sjen

Ik kin de rêst net fine, do litst my noch net frij
Ut it each, mar noch net út myn hert
Do woest dy noch net bine, mar dat hoecht ek net fan my
Ik wol gewoan by dy wêze, mear freegje ik net
Oh oh oh

Yvonne witsto dat der hjir in jonge is
Elke dei soe hy wolle datsto der wer bist
Want dyn leafde dêr’t ik doe blyn foar fallen bin
Wol ik leaver leaver leaver leaver hjir wer sjen

Wit wol dat ik hjir op dy wachtsje sil
Oantsto einlings weromkomst by my
Oh oh oh

Yvonne witsto dat der hjir in jonge is
Elke dei soe hy wolle datsto der wer bist
Want dyn leafde dêr’t ik doe blyn foar fallen bin
Wol ik leaver leaver leaver leaver hjir wer sjen (3x)

Lake troch triennen

(Tranen Gelachen – Guus Meeuwis)

 
Rein yn myn hert, in middei yn maart, myn tinzen sa swart as de nacht
Mar dan tink ik oan dy en stap út it skaad, it fielt krekt oftsto myn hân pakst

Dus nim ik myn jas, gean ik nei bûten, de sinne brekt troch yn myn gemoed
Us moaie mominten lizz’ op myn rûte, sa rin ‘k yn in neimiddeis gloed

Want hjoed gean ik werom nei froeger, gewoan om te sjen oft it is sa’t ik wit
Fan dy herinnerings dy’t wy mei ús droegen, dy’t kleure waard’n troch de leafde
en ’t ferjit

Ik ha lake troch triennen fan tank en fertriet
En ik fielde hiel even… datsto by my wiest

Dan leit de jûn my in hân op it skouder. “Hoe is it mei dy?” seit in stimme hiel sacht
Hjir yn dit ljocht likest suver neat âlder. ‘’It giet wol,” sis ik, mar dan komt de nacht

Ien foar ien komme de triennen, de tinzen oan doe binn’ moaier dan oait
De gedachte oan dy is noch altyd hiel libben, de tinzen oan doe binn’ moaier
dan oait

Ik ha lake troch triennen fan tank en fertriet
En ik fielde hiel even… datsto by my wiest

In ingel daald’ ôf, dy moarntiid yn maart flústert de maaitiid begjint
En soms is it noch kâld, mar myn hert is wer waarmer, de winter wie lang,
mar de maaitiid begjint

Ik ha lake troch triennen fan tank en fertriet
En ik fielde hiel even… datsto by my wiest

Sjoch omheech

(Kijk Omhoog – Nick & Simon)

 
Nei in lange fal
Klimsto wer út it dal
Sjoch nei de tiid dy‘t komme sil
Hoe folsto dy yn?
Do wist it like min
Do krijst net alles nei it sin

Dyn holle fol soargen
Hâld dyn lichem yn ‘e macht
Der komt altyd in moanne
Ek yn de langste nacht

Sjoch omheech nei de loft
Sykje no gjin antwurd
Lit it los, hâld dy fêst oan my
Dizze wei wiist ‘msels
Hij liedt dy nei de takomst
Dizze wolk driuwt gau foarby

Der komt feroaring ta beslút
Do kinst no wer foarút
Do fielst de sinn’ op dyn gesicht
De heechste tiid foar dy
Datsto dysels befrijst
Doch dyn eagen net mear ticht

Dyn holle fol soargen
Hâld dyn lichem yn ‘e macht
Der komt altyd in moanne
Ek yn de langste nacht

Sjoch omheech nei de loft
Sykje no gjin antwurd
Lit it los hâld dy fêst oan my

Sjoch omheech nei de loft
Sykje no gjin antwurd
Lit it los, hâld dy fêst oan my
Dizze wei wiist ‘msels
Hij liedt dy nei de takomst
Dizze wolk driuwt gau foarby
Dizze wolk driuwt gau foarby
Dizze wolk driuwt gau foarby

Viva Frisia

(Viva La Vida – Coldplay)

 
Ik hearske oer de wrâld
Seeën foelen ûnder myn bewâld
No bin ik it dy’t de diken faaid
Faai diken dy’k sels oanlei

Ik spile it spultsje goed
Preau de eangst yn myn fijân syn bloed
Harke nei it folk dat song
“Aldgillis is dea! Lang leve syn soan!”

Even hie ik de kaai
_ Wer letter socht ik dernei
‘k Wist ik hie myn kastielen boud
Op bergen fan macht en bergen fan goud

Ik hear de Doarestêd klokken lieden
Franken dy’t sjonge foar harren striders
Wês myn spegel, myn swurd en skyld
Myn misjonaris yn’t bûtenfjild
Kin net sizze wêr’t it oan leit
Mar sûnt dy tiid haw ik nea, nea in earlik wurd mear hân
Doe’t ik hearske oer de wrâld

It wie de fûle en wylde wyn
Blaasd’ alles fuort, liet harr’n deryn
Stikkene huzen, in mars fan skuon
Minsken koenen my doe net mear werom
De Angelsaksen ha
Myn kop al op in sulv’ren board
In marjonet oan ien inkeld tou
Oh wêr binne dy keningen no?

Ik hear de Doarestêd klokken lieden
Franken dy’t sjonge foar harren striders
Wês myn spegel, myn swurd en skyld
Myn misjonaris yn’t bûtenfjild
Kin net sizze wêr’t it oan leit
Ik wit dat Karel myn namme seit
Gjin earlik wurd mear hân
Doe’t ik hearske oer de wrâld

(Ohhhhh Ohhh Ohhh)

Ik hear de Doarestêd klokken lieden
Franken dy’t sjonge foar harren striders
Wês myn spegel, myn swurd en skyld
Myn misjonaris yn’t bûtenfjild
Kin net sizze wêr’t it oan leit
Ik wit dat Karel myn namme seit
Gjin earlik wurd mear hân
Doe’t ik hearske oer de wrâld

(Ohhhhh Ohhh Ohhh)

Dy Krystnacht

(Last Christmas – Wham)

 
Dy krystnacht joech ik dy myn hert
Mar drekst d’ oare dei joechsto it wer wei
Diskear wol ik dat net mear
En jou ik it oan in ingel

Dy krystnacht joech ik dy myn hert
Mar drekst d’ oare dei joechsto it wer wei
Diskear wol ik dat net mear
En jou ik it oan in ingel

Kryst fiere is noait saai
Altyd gesellich, mar ik fyn net myn draai
No nei in jier is dit de konklúzje?
It like sa moai, mar ‘t wie in yllúzje

‘Noflik krystfeest’ stie op de kaart dy’k stjoerde
Mei de tekst ‘Ik hâld fan dy’ derûnder
No wit ik wat in soech ik bin
Asto my tútsje soest, wie ik drekst wer ferlern

Dy krystnacht joech ik dy myn hert
Mar drekst d’ oare dei joechsto it wer wei
Diskear wol ik dat net mear
En jou ik it oan in ingel

Dy krystnacht joech ik dy myn hert
Mar drekst d’ oare dei joechsto it wer wei
Diskear wol ik dat net mear
En jou ik it oan in ingel

(O, o, myn ingel)

In keamer fol, wurch as in maits
Ik sjoch dy net oan, want myn hert is skeint
Hiel even tocht dat ik noch dat ik dy hjir wer fûn
Mar it wie al foarby foardat it begûn
It fjoer fan de leafde dat baarnt yn ‘t ûnthâld
Ik bin noch fereale mar dochs lit it dy kâld

No ha ’k wiere leafde fûn en bin ik drekst wer ferlernWatch Full Movie Online Streaming Online and Download

Dy krystnacht joech ik dy myn hert
Mar drekst d’ oare dei joechsto it wer wei
Diskear wol ik dat net mear
En jou ik it oan in ingel

Dy krystnacht joech ik dy myn hert
Mar drekst d’ oare dei joechsto it wer wei
Diskear wol ik dat net mear
En jou ik it oan in ingel

It fjoer fan de leafde dat baarnt yn ‘t ûnthâld
(Joech ik dy myn hert)
Ik bin noch fereale mar dochs lit it dy kâld
Diskear
Jou ik it oan in, jou ik it oan in ingel
Ingel
Ingel…

Sa ûnwennich al

(So Incredible – Ilse DeLange)

 
It is midden yn ‘e dei, ik lis yn de sinne
Mar dochs fyn ik net myn draai, ‘k mis dy om my hinne
Sjoch my hjir, ik kin dy krekt, en ik fal en fal en fal
Foar it wûnder dat wy ha, foar dyn leafde hielendal
O, it is slim…

Sa ûnwennich al bin ik fan dy
Al kin’k dy krekt, litst my net frij
Ik skuor my los, en treast my mei d’ien oft oare gedachte.
Sa ûnwennich al…(yntro)
Sa ûnwennich al

It is midden yn ‘e nacht, en ik lis noch wekker
Om’t ik oan dy tinke moat, ‘k fiel my echt net lekker
Mar dan fal ik dochs yn sliep en ha sa’n moaie dream
Duorre er mar hûndert jier en jousto my in tút dan
O, it is slim…

Sa ûnwennich al bin ik fan dy
Al kin’k dy krekt, litst my net frij
Ik skuor my los, en treast my mei d’ien oft oare gedachte.
‘k kin net mear wachtsje, witst dat wol?
Sa ûnwennich al

Hiel my wrâld draait no
Om dy en wat ik graach wol
Is datsto by my bliuwst… o, o, o