Immen brûke

(Use Somebody – Laura Jansen / Kings of Leon)

 
Ik strún hjir mar wat om altyd like dom yn wat ik sis
Draach in masker fiel my wakker wiis en wis
Witsto ik kin wol immen brûke
Witsto ik kin wol immen brûke

Sa’n ien as dy (In stjer as dy), dy’t gewoan seit wêr’t it op stiet
Sjocht de leagen ûnder eagen sa’t der is
Witsto ik kin wol immen brûke
Witsto ik kin wol immen brûke

Sa’n ien as dy (In stjer as dy) oooooh oooooooh ooooooh …
Sa’n ien as dy (In stjer as dy) oooooh oooooooh ooooooh …

Fuort yn ‘e nacht libj’ik my út en wylsto sliepst
Winskj’ik oars net as te dichtsjen wat ik mis
Ik hoopje datsto my hjir no sjochtst
Ik hoopje datsto my hjir no sjochtst

Sa’n ien as my (In stjer as my) oooooh oooooooh ooooooh …
Sa’n ien as my (In stjer as my) oooooh oooooooh ooooooh …

Ik wol it, ik wol it, ik wol it no
Ik wol it, ik wol it, ik wol it no

Woooooh ooooooohh oooooohhh …
Sa’n ien as my (In stjer as my) ooooooohh oooooohhh …

Ik strún hjir mar wat om altyd like dom yn wat ik sis

Meer artikelen