Ik wol fiele dat ik libje (gabriella’s sang)

(út ‘e film ‘As it is in Heaven’)

 
Myn eigen oersetting, dus in oare as dy fan Gesina van der Zwaag.

 
Dit is no it libben fan my
Ik krige in tiid hjir op ierde
En myn langstme hat my hjir laat
Wat ik miste en wat ik kriich

Dochs is dit de wei dy’t ik keas
Myn fertrouwen grutter as wurden
Sa ha ik in lyts stikje sjoen
Fan de himel dy’t ik nea fûn

Ik wol fiele dat ik libje
Al de tiid dy’k ha
Sil ik libje sa’t ik wol
Ik wol fiele dat ik libje
Witte ik wie weardefol

Ik fergeat echt nea wa’t ik wie
Ik ha inkeld it sliepe litten
Miskien hie’k wol gjin oare kar
Inkeld de wil om te bestean

Ik wol lokkich libje, om’t ik my wer bin
Stean ik hjir no sterk en frij
Sjoch de nacht dy wurdt wer dei
Ik bin hjir en myn libben is fan my
En de himel dêr’t ik yn leau
Sil ik fine hjir en no

Ik wol fiele dat ik libbe ha

Meer artikelen