gedichten foar de jeugd

  • Berichtcategorie:politiek

 

 

sprekbeurt

Moarn moat ik in sprekbeurt dwaan
Mar ik ha noch neat
Gjin idee wêr’t ik it oer hawwe sil
It komt op ‘e kop ferkeard

Moarn moat ik in sprekbeurt dwaan
Ik sko it al wiken foar my út
Moarn kin it ommers ek noch wol
Mar no gean ‘k moarn wol op myn snút

Fannacht waard ik wekker
Baaiend yn it swit
Ik stie foar de klasse
Yn myn himd, want ik wist niks

‘Ik doch myn sprekbeurt oer de stilte’
Ja, dat is nochris in goed idee fan my
Dan kin net ien der wat fan sizze
As ik tsien minuten swij

Moarn moat ik in sprekbeurt dwaan
Ik moat no echt teset
Ach, dy man wit neat fan kompjûters
Witst wat? Ik helje ien fan ynternet

Fan ‘e moarn haw ik myn sprekbeurt dien
En hiel goed, sei master krekt
Dochs krige ik in dikke ien
Want hy hie ‘m alris earder heard

 

 

foardracht

Hannen by ‘t liif lâns
Goed de seal yn sjen
Oe, dêr sit de sjuery
Wat wie ek wer de earste sin?

Ik graaf gau yn myn ûnthâld
Mar fyn allinne in grut swart gat
Mem knikt, sa fan “Begjin no!”
Ja, mar wist ik mar mei wat

Myn foet begjint te triljen
It hert bûnzet my yn ‘e kiel
“Meist begjinne, hear,” seit ien
Wit net heal hoe’t ik my fiel

De mage keart my ommers om
Mislik dat ik it net mear wit
In rille rint my oer de rêch
Lyk mei in strieltsje swit

“Ik doch it gedicht Foardracht”
Ik tink, ik flap it der mar út
En dan wurdt it stil yn ‘e seal
De rein slacht tsjin it rút

Sûnder siken, fol langstme
Wachtet de seal op wat komme sil
Mar al wat komt, gjin wurden
It bliuwt stil… deastil

Dan begjint ien ûnwennich te laitsjen
In flústerjen stiget op
It wurdt my swart foar eagen
It gûnzet my troch de kop

“Joke, Joke,” it klinkt fier fuort
En as ik myn eagen iepen doch
Hear ik mem dy’t oan my ropt
Ik lis op ‘e grûn, mei myn bêdeguod

 

 

jesse

Jesse is al achttjin
En mem wol it net ha
Mar eltse dei nei skoaltiid
Gean ik eefkes nei him ta

Dan krûp ik tsjin him oan
En stryk him troch it hier
Mem sprekt er skande fan
It giet har fierste fier

Mar mei him kin ik prate
En mei mem al lang net mear
Hy begrypt my teminsten
En hat in iepen ear

Dan fertel ik fan de rûzjes
Och, dy komme sa faak foar
Dat mem soms suver smeket
“Bern, sykje dochs in oar”

Mar Jesse is myn freon
De leafste dy’t ien hawwe kin
Mar mem fynt it in griis
Dat ik safolle by him bin

Jesse is al achttjin
En hoefolle ik ek fan him hâld
Wy kin net byinoar bliuwe
Want achttjin…
is foar in hynder al hiel âld

 

 

spiker

Se neame my Spiker.
Ik wit net wêrom.
En as ik der nei freegje,
dan leitsje se harren krom.

Wit jim wat se dan sizze?
Mei harren eigenwize snút?
‘Wêrom bist sa nijsgjirrich?
Bist in spiker en dêrmei út!’

En dochs wol ik it witte:
wêrom neame se my sa?
Fine se my soms hurd en skerp?
Moatte se my dêrom ha?

Want se hammerje it deryn, hear.
‘Spiker! Spiker!’ sjonge se dan yn koar.
En ik bin ek net lang en meager,
nee, ik ha der gjin ferklearring foar.

Se neame my Spiker.
Ik wit net wêrom.
Mar jou my in hammer,
dan slach ik se krom

Want fan ‘e moarn kaam ik derachter
doe’t ik stikum, ûnwis as ik faaks bin,
op it briefke fan myn buorman lies:
‘Spiker sit werris ôf te sjen’.

 

 

benaud

Ik wenje yn de kast
dy’t op dyn keamer stiet.
En ik kom earst ta libben
as jûns it ljocht útgiet.

Dan stean ik yn it kier
en blaas nei it gerdyn.
Meitsje ik in lûdsje,
hâldsto dyn azem yn.

Soms slûp ik troch de keamer,
krûp ik ûnder it bêd.
Hear ik dy hastich hymjen,
gromje ik hiel sêft.

En asto einliks sliepst,
dan flústerje ik yn dyn ear.
Hiele aaklike ferhalen,
switst oer hiel dyn lea.

Mei in gjalp wurdsto soms wekker
en roptst om heit en mem.
Knip! giet dan it ljocht oan
en fuort dat ik dan bin.

Ik wenje yn de kast
dy’t op dyn keamer stiet
En soms bin ik hiel benaud
as ik by ljochtskyndei hjir sit.

Dan sit ik hjir hiel iensum
eangstich om my hinne te sjen.
Want ik bestean allinne,
omdatsto leaust dat ik der bin.

 

 

pake

Alle dagen nei skoaltiid
gean ik eefkes nei him ta.
Dan nimt hy in bakje kofje
en krij ik in gleske kola.

‘Lit beppe it mar net sjen!’
Hy knypeaget as er it seit.
Ja, beppe, myn leave beppe,
soe se ús sjen út ‘e himel wei?

Soe se de ferhalen hearre?
Oer har, oer froeger en sa?
Pake kin sa prachtich fertelle
dat it suver hast wol moat.

Mar de lêste tiid…
ja, hoe moat ik it sizze,
is it oars by pake,
dreech om út te lizzen.

Want syn ferhalen bliuwe moai,
dat is net wêr’t it oan mankeard.
It is allinne… guon ferhalen
hear ik al foar de tredde kear.

En juster neamde hy my Sytske (Sytse),
wit net hoe’t it kin (leit),
mar sa hjit ik net,
dat is de namme fan myn mem (heit)

En thús hear ik se praten:
‘It kin net langer sa’.
Dan ha se it oer ‘t ferpleechhûs,
mar dêr mei pake net nei ta.

Want fan dy susters dêr
mei ik fêst gjin kola ha.

 

 

nijs

In jonkje fan fiif
en in famke fan fjouwer
binne juster net ophelle
by in skoalle yn Ljouwert.

Der is nei hûs ta belle,
kontakt mei de âlden socht,
mar de beukers ha de nacht
úteinlik by juf trochbrocht.

De plysje is ynskeakele
en stelt in ûndersyk yn,
mar se taast foarearst
Yn ‘t tsjuster, nei it skynt.

Underwilens meitsje de bern
it nei omstannichheden goed.
Se binn’ allinne strontferfelend,
sliepe min en ite beroerd.

De plysje tinkt oan opset sin,
want it ûnhânsume stel
makket thús ek it libben
fan harren sus (broer) ta in hel.

En dit wie it nijs
fan moarn
yn it koart.

Ik leau dat ik Lieuwe en Jeltsje
daliks dochs mar ophelje moat.

 

 

fuotbal

Watfoar sport ik doch?
Ik sit op fuotbal!
Nee, noch net sa lang,
mar ik kin it measte al.

Ik kin skoppe,
sa, lyk yn it krús.
En dan noch in slaiding,
glydzje se finaal ûnderút.

En tekkelje, net te ferjitten,
ja, dat kin ik ek poer bêst.
Gewoan de foet útstekke
en dan nimme se in hapke gers.

Wat? Mei dat net?
O, no dêr seist my wat!
Ik sjoch it oars alle wiken
by Studio Sport.

Mei de bal?
Ja, dat kin ik ek hiel goed,
fral it stilstean
mei de bal ûnder de foet.

En fierder?
No, de essinsje kin ik al:
krij ik de bal foar de fuotten,
dan jou ik ‘m in wâld
en… fuort bal!

 

 

bus

Doe’t ik lyts wie
gong ik wolris
mei mem nei pake
en beppe yn ‘e bus.

Machtich fûn ik dat,
in aventoer gelyk.
Mei de noas tsjin ‘t rút
heech boppe de dyk
seach ik de wrâld út
in hiel oar perspektyf.

Yn myn gouden wein
wie ik in hearke fan stân,
swaaide majesteitlik
nei ’t folk by de dyk lâns.

It lân lei oan myn fuotten
en ik spruts doe út ‘e hichte:
‘De bus en ik geane
in moaie takomst yn ‘e mjitte.’

Mar nei dy grutspraak
bin ik yn ‘e grûn bedoarn:
alle dagen mei de bus nei skoalle,
ik fyn der neat mear oan.

 

 

hynder

Der wie ris in wyt hynder
en dat hie ien grutte winsk:
hy woe och sa graach oan it wurk
by in moaie jonge prins.

Dus pleatste er in advertinsje
yn it blêd ‘Vorsten’, ‘t is gjin grap:
‘Wyt hynder siket prinske
en it leafst in bytsje knap’.

Hy krige ien reaksje
fan ien of oare âlde baas.
Hy kaam hielendal út Spanje
en hjitte fan Nicolaas.

Mar dat wie net wat it hynder socht
dêrfoar fielde hy ‘m fierst te goed.
Hy woe status en in protte oansjen,
in baaske mei keninklik bloed.

Dus pleatste er noch in advertinsje
Diskear yn de kontaktrubryk
‘Moai jong wyt hynder
Siket in prinske gelyk’

En doe krige hy in brief
fan in adelike faam.
Sy socht in prins op in wyt hynder,
Dus koenen se ‘t moai tegearre dwaan.

En dat holp:
in prins melde him al gau.
Mar hy hie gjin each foar it hynder,
gong der fantroch mei de frou.

En it wite hynder?
Dat learde in les en noch wat oars:
prinsen op wite hynders
dy komme allinne yn mearkes foar.

 

 

idols

Fan ‘e moarn
Wist ik it al
Yn myn piama
Foar de spegel
Wie ik it hielendal
Ik wie in stjer
In nije Boris, Jamai of Jim…
(O nee) in nije Nikki, Maud of Hind
En dan net foar eefkes
Mar foar altyd bekend

Ja, fan ‘e moarn
Koe ik net stikken
Mei myn útstrieling
Myn ekspresje
En, net te ferjitten,
Mei myn bjusterbaarlik moaie stim
En sjonge dat ik kin!
Teminsten
Dat sizze ús heit
En mem

En doe fan ‘e middei
Lang om let wie it sa fier
Sit Jerney Kaagman dêr
Mei in útstrutsen gesicht
En witst wat se te seuren hie?
Dat myn klean net doogden,
Dat myn hier net siet
En dy Henk Jan, mei in dikke gniis,
Roppe dat ‘k net sjonge kin
Man, do bist net wiis!

It is jûn
Ik lis op bêd
Ferbjustere
En ferslein
En janke
’t Hiele ein
En no noch, hiel bot
Ik kin net sliepe
Nea mear
Myn dream is fuort

Wat moat ik no?
Ik wol rom en ear
Yn it fuotljocht stean
En noch folle mear
En mei myn útstrieling
Myn prachtige stimme
Soenen je sizze
Dat moat dochs kinne

En dan…
As in bliksem, flits
In tins
Dy’t troch my hinne sjit
In glimke hope
In nij doel fral
De rom en ear
Dy gloarje al

Ja, want ik doch mei
Oan ’t FeRstival!

 

 

namme

Elkenien draacht in namme
En soms is dat in swiere lêst
Benammen foar Dikky út Grou
Dy hie my dochs in búk, net bêst

Want mei sa’n gewichtige namme
Soenen se him fet peste kinne
En dan troch net sa’n bêsten ien
Bygelyks sa’n Ian as Minne

Mar ja, in namme dy kiest net
Dy krijst en dat kin Elke wêze
Ien mei Fleur of in Sippe as Rein
Of in ferneamde as Marie Thérèse

Nee, in goede namme hast net samar
Tsjerkje wol dat wol Liuwe
En lústerje oars mar ris nei Harke
Of Boate, al kin dy soms wol wat driuwe

In namme kin ek in hiel soad sizze
Sa witst dat Saakje in winkel hat
En by de NS, dêr wurket Trijntje
En Klaske, dy is groepsleerkracht

Mar nammen yn Ingelân
Witte jim wat dêr mei Bart?
Dat fûn Joke net sa grappich
En Anne feroare fan geslacht

Age wie fuort in man op leeftyd
En Like mocht elkenien graach
Greet fûn it hielendal geweldich
En Fokje… komt der net mear sa faak

En dan Bregje, ús leave Bregje,
Hat de moaiste namme dy’t bestiet
Mar de lêste tiid ropt elk har nei
Omdat se yn ‘e earste klasse sit