Gurbe is it boerke dat alle dagen op de foarside fan de Ljouwerter Krante stiet. Hy jout op krityske, mar humoristyske wize kommentaar op it nijs fan dy dei. Ik brûk it pseudonym Gurbe de Boer om koarte ferhalen en gedichten te skriuwen, dy’t op kabareteske wize de hjoeddeiske maatskippij tsjin it ljocht hâlde.
shit gedicht
Wat seit in Fries
As der ynienen in man
Mei in pystoal foar him stiet?
‘Sjit!’
literatuer
Literatuer
Dat is eat sizze
Sûnder it te sizzen
En dan mei in hiele protte wurden
Literatuer
Dat is eat skriuwe
Hiel apart
Ek al is it noch sa gewoan
Wat er bard
Literatuer
Dat is it tsjinoerstelde
Fan de belestingtsjinst
‘Wêrom maklik dwaan
As it folle dreger kin’
hingâlderen
Dy âlderein fan tsjinwurdich
It is in skande
Stean dêr de hiele dei
Mei itselde groepke
Op ‘e hoeke
En alle minsken
Dy’t foarby komme
Wurde suver keurd
Gean oer de tonge
Se eamelje mar wat
Sette neat út ‘e wei
Stean yn it paad
En net ien dy’t er wat fan seit
Hawwe hja
Thús gjin plak
Of sa
gedicht
In gedicht moat rymje
Oars is it gjin gedicht
Dat is wat de minsken sizze
En wêr’t ik my tsjin ferset
Want dit is wól in gedicht
Ek al rimet it
net
bonnefaasferske
Sinterfaasje, Bonne, Bonne, Bonne,
Kaam hjir fanút Credi, Creditonne
Joech wat argewaasje, bye bye Bonnefaasje
Bonnefaasje, sinter, sinter, sinter
Gong doe lyk nei Fulda, Fulda hinne
Waard Dokkum moardlokaasje, tank je Bonnefaasje
pavarotti
Pavarotti is in mega-stjer
En hy sjongt meastentiids hiel goed
Útsein as der wer ris te folle iten hat
Want dan sjongt er beroerd
dream
Ik dreamde dat ik wekker wie
En dat ik myn piama noch oan hie
Wyls ik foar in groep mei minsken stie
En ik net wist wat ik dêr die
En dêr ha ‘k hiel raar fan opsjoen
Want ik haw oars nea in piama oan
Dream (2)
Ik dreamde dat ik in nachtmerje hie
En dat ik hielendal neaken wie
Wyls ik foar in seal mei minsken stie
En ik foar harren in dûnske die
Mar om’t ik al hiel net dûnsje kin
Stie ik wol wat yn myn himd
P.S. En doe sloech de wekker oan
En waard ik wekker
Mei al myn klean noch oan
hâns
Hâns en Hâns
gongen by de doarren lâns
Mar Hâns ien
hie al gau syn nocht
Doe bliken die
dat twadde Hâns
folle better ferkocht
mearke
Der wie ris in mearke
Oer in prinses en sa
Mar dêr woe it mearke
It net mear oer ha
It jaloerske mearke
Fûn de prinses fierst te ferwend
Mei in prins, in wyt hynder
En ek noch in happy end
It mearke woe yn de picture
In haadrol it leafst
Dus gong it nei Hollywood
En die screentest
Nei screentest
Mar nimmen woe it mearke ha
Sels net by Disney ta beslút
Se hienen al genôch, seinen se
En dêrmei like it mearke út
It mearke kaam net fierder
As in byrol
Yn in film oer Grimm
Mar dêr kaam it wol
In alleraardigst oar mearke tsjin
Se krigen ferkearing
Wennen al gau by mekoar
In mearkeshoulik folge
En hoe koe it ek oars…
Se libben noch lang en lokkich!
moderne fryske siswize
It is de boer allike folle
Oft de ko skyt of… langlauft
stânbyld foar foppe
‘Foppe moat in stânbyld ha,’
sa seit Jelle Jongstra.
Út namme fan de supportersferiening
joech hy juster syn miening.
‘Foppe hat safolle foar de klub dien,
dat moat sichtber wêze foar eltsenien.’
In stânbyld is faaks foar in deade pommerant.
Jongstra is him bewust dêrfan.
‘Ik wit wol hy is noch net dea,
mar dochs is hy der aanst net mear.
Sjoch it gewoan
as in pre-postuum earbetoan.’
Jongstra hat ek al in idee oer it plak
dêr’t it stânbyld komme moat.
‘Fansels it leafst op de middenstip,
sadat er noch altyd tusken de spilers stiet
en as ienmansmuorke of tolfde man noch fan wearde is.
Mar mei er dêr net stean,
dan moat er mar iiskâld op de bank sitten gean
(se merke miskien
it ferskil net iens).
En as dat allegear net kin,
dan moat er mar neist Abe stean.
Ja, dat liket my ek geweldich.
Is foar Abe ek wol sa gesellich.’
foppe stoppet
Nuchter
as altyd
sjocht er ek no werom
op de wedstriid
dy’t
syn trenerskarriêre hyt
Mei deselde humor
ek diskear
Dochs is it glimke om ‘e mûle
de lêste tiid
sa waarm net mear
Njoggentjin jier
It ôfskie
falt him swier
En ús miskien noch wol swierder
Foppe stoppet
Hoe no fierder?
Hearrenfean,
mist it aanst gjin stjoer
sûnder syn boechbyld
en mei in oar kaptein
oan it roer?
(Ik sit dêroer
wolris yn noed)
Mar betink,
foar wa’t it tsjuster ynsjocht,
oan it eachein gloarret ljocht
Want Foppe giet wol fuort
Mar Riemer is der noch
befel is befel
Doe’t it legerke
Op in pantserienheid botste
Folge it befel: “Oerjaan!”
En elkenien kotste
lêsbeurt
In lêsbeurt yn de finzenis
Jim sil wol tinke: Wat in bytsje ferstân
Mar ik moat jim sizze
Ik ha noch nea sa’n boeid publyk hân
punt út
In komma
Seach de sin
Fan it libben net mear yn
Dêrom sette hy in punt derefter.
auto oer de kop
Juster gong der
In auto oer de kop
Op de foarholle fan it slachtoffer
steane de remspoaren noch
noat foar de resinsint
Sjoch’ je kritysk
om je hinne
Dan binne
der altyd
wol dingen
dêr’t je kritysk
oer skriuwe kinne
(En op dizze sait miskien
Wol mear dingen as ien)
noat foar de resinsint (diel 2)
F#
noat foar de resinsint (diel 3)
“It sjocht er net út,
It hat gjin nivo
It Frysk is net geef
En it is och sa flau”
KOPIJRJOCHT
GURBE DE BOER
(Ris sjen wa’t soks no noch
doart te skriuwen)
Altijd Kerst Partij
Waarom is er eigenlijk geen Altijd Kerst Partij?
Een partij met een program om van te dromen
Die strijd voor het belang van samen zijn
En voor minder bedeelden op wil komen
Een partij die wil dat het iedere dag kerst is
Met volop eten, warmte en gezelligheid
Die mij kerst brengt als ik kerst mis
En cadeautjes geeft buiten verkiezingstijd
Partijleden zijn als familie voor elkaar
Hun stemrecht mondt in samenzang uit
Een partij die het eens is over consensus
Die binnenlaat in plaats van buitensluit
Een partij die vrede predikt
En verbroedert aan het front
Die vecht voor vrijheid en gelijkheid
Tot het eeuwig durend staakt-het vuren komt
Ja, waarom is er eigenlijk geen Altijd Kerst Partij?
Ik denk dat het eraan ligt
dat die door ons allen sámen
moet worden opgericht.
op een feestje
‘ik werk in het onderwijs’
(hard gelach)
‘ik werk in het onderwijs’
(voort
durend
gegrinnik)
‘IK WERK IN HET ONDERWIJS’
(doodse stilte)
ik werk in het onderwijs
hard gelag