
BUITENPOST – Blau bloed hy se perfoast net, de Twizelder skriuwster Simke Kloosterman (1876-1938). Mar in gramke keninklike alluere? Of in ûns, miskien? Noch te beskieden? Eartiids soenen de minsken fan Twizel nei alle gedachten sizze, meitsje der mar gewoan in pûn fan, sa faak ried se, pykfyn oanklaaid, yn ’t koetske troch it doarp. Hoe dan ek, in bordesscène op it statige Jeltingahûs ta Bûtenpost, mei de boargemaster en in oare, heech wurdearre Fryske skriuwster, dat hie Simke grif wol bekoard.
By har libben kaam it der net fan, dus wie it tiid om, krapoan 150 jier nei har bertedei, efkes wat rjocht te setten. Dat wie sawol de ynstek fan skriuwster Jant van der Weg, as fan de Simke Kloosterman Stichting, dy’t har neilittenskip yn behear hat. Van der Weg is in autoriteit op it mêd fan fryske berneliteratuer, se is fan it begjin ôf oan belutsen west by de berneboekepriis dy ’t de stichting om de trije jier beskikber stelt, en dy’t op de 23 e fan de blommemoanne wer útrikt wurd, dit kear oan Mirjam van Houten, foar har skitterend ferhalenboek Jelle en Juf. Jant fûn no dat it heech tiid waard foar in fryske oersetting fan it boekje Simke, prinses uit de Wouden, dat se earder yn 2012 ’t Hollânsk publisearre hat.
No fansels mei de nedige oanfollingen, want ek de literêre tiid hâld gjin skoft. It bestjoer fan de stichting wie it roerend mei har iens, en sadwaande kaam Simke Kloosterman nei trettjin jier opnij foar it fuotljocht. Under deselde titel, dat fansels wol… En, yn it selskip fan minsken dy’t it tige goed mei har miene. Foar Jant wie de eare weilein om it earste eksimplaar fan har wurk oan boargemaster De Vries, tagelyk de nije foarsitter fan de stichting, oan te bieden. It boekje is útbrocht troch útjouwerij Wijdemeer ta Dokkum, en beskriuwt it libben fan Kloosterman yn in nutedop, mei tal fan prachtige yllustraasjes.
Foto’s: Sake Beerstra
Bron: RTV NOF
