Van Houten wint Simke Kloostermanpriis

Krekt nei it útrikken fan de Simke Kloostermanpriis troch kommissaris fan de Kening Arno Brok oan Mirjam van Houten, liket sy de glâns derôf te heljen. ,,Eins haw ik de priis net fertsjinne. It liket in proses te wêzen dat bûten my om giet”, sa sei se oer it kreative proses fan skriuwen en yllustrearjen. Foar har winnende berneboek Jelle en Juf makke se tekst en de yllustraasjes.

Taal is libbend, haw ik fan juf Martsje fan de Afûk leard, mar it omkearen fan tiidwurden raast oan de protters

Mirjam van Houten, berne yn De Sweach yn 1977, is de earste dy’t op dizze wize harsels fanút in djipte-psychologyske benadering njonken it poadium sette woe. ,,Ik bin der ôgryslik wiis mei. It is in hiele stimulâns om troch te gean”, sa sei se freedtemiddei yn de Petrustsjerke yn Twizel. Dêrnjonken fielde it net as in feest fan werkenning. By grutte tinkers, sa fernijde se, kin der fanút it ûnderbewuste samar wat los komme dêr’t se sels net iens sa bot erch yn hawwe. Sa hat de skriuwster in hiel skoft wurden, bylden en heale sinnen oer situaasjes yn lytse boekjes opskreaun dy’t se nei eigen sizzen letter soms amper mear lêze koe. ,,As ik it werom lies, tocht ik wolris: haw ik dat opskreaun?”

Knuffeldei

De sjuery wie lykwols optein oer har tredde boek. Earder skreau se it berneboek Tije dat yn it Faroërs oerset is en By Beppe útfanhûs dat har de Diet Huberpriis oplevere. As foarsitter fan de sjuery fergelike Arjan Hut har sels mei de wrâldferneamde berneboeke-skriuwster Astid Lindgren. ,,Se yllustrearret har boeken dan ek nochris sels en ek dat op itselde hege, kreative en sprankeljende nivo. Tekst en wurd binne moai yn balâns, en foar de skerpsinnige lêzer, of sjogger, falt der altyd krekt wat mear te belibjen. Tink bygelyks oan it oaljefantsje op de alderlêste side”, sei Arjan Hut dy’t mei Akke Gerlsma en Martsje de Jong de boeken beoardield hat. 

It winnende boek Jelle en Juf beskreau er koartwei as ‘de magyske wrâld fan bern yn optima form.’ Sawol jonge as aldere lêzers wurde geandewei ferrast en fermakke mei taalgrapkes en wûnderlike situaasjes. Sa neamde hy de wettertaffel en in knuffeldei. De sjuery kwalifisearre Mirjam van Houten as de bêste berneboeke-skriuwster fan de ôfrûne jierren.

Foar de earste kear rikke it Simke Kloostermanlien ek oan oare nominearre skriuwers in jildpriis út as stimulâns om troch te gean. It giet yn dizzen om I.E. Bloem dy’t diskear it boek De Freon ynlevere as tredde Young Adult-roman. Mei it Neidiel wûn hy trije jier earder de Simke Kloostermanpriis. 

Beide boeken spylje harren ôf yn de coronatiid. Ek Thys Wadman, as nominearre, hat earder yn Twizel de SK-priis yn ûntfangst nommen. Diskear kaam hy mei de roman Heit! Help!

Grutte bysûnderheid is dat hjiryn in boekelizzer leit yn de foarm fan in miggeklapper. ,,Sa wurdt it útsoarte al in hiel ynteraktyf boek.” By alle nominaasjes giet it neffens de sjuery om prizensweardige prestaasjes. Tsjinoer fjirtich boeken yn 2022 binne der diskear mar 23 titels by de sjuery op tafel kaam. As foarsitter wol Arjan Hut oer dy djippe delgong gjin hurde konklúzjes lûke. Der is fan in trend nammentlik alhiel gjin sprake.

Snap-chat

Opmerklik is, sa stelde kommissaris fan de Kening Arno Brok, dat der op de Faroër eilannen binnen Denemarken mei 57.000 bewenners elk jier tachtich boeken foar bern yn harren eigen taal útjûn wurde. ,,Wy kinne in protte fan harren leare, mar sy ek fan ús.” 

Arno Brok dy’t al fanôf 1988 him it Frysk eigen meitsje woe, joech de jongerein in plûmke foar it brûken fan it Frysk op sosiale media, instagram en snap-chat. ,,Sis ik it goed: snap-chat?’’, sa lei de kommissaris ûnder oaren oan de 10-jierrige Yinthe de Hoop fan Twizel as bêste foarlêzer foar. 

De learlinge fan De Oanrin knikte. De kommissaris sette har even yn de sinne fanwegen it foarlêzen fan in ferhaal út it winnende boek yn in folle tsjerke. ,,De kommissaris hat net sa’n moaie glitterbroek as dy en ek net fan dat moaie hier”, sa ferdúdlikte de koarthierrige sprekker syn sjarme-momint ta hilariteit fan de oanwêzigen. Hy fernijde dat men fanút in sûne taal-attitude net al te strang wêze moat. Wol hekele Brok it omkearen fan tiidwurden (JR: kinne sizze ynstee fan sizze kinne) yn it Frysk dat op ‘t heden mear yn is as ea. ,,Taal is libbend, haw ik fan juf Martsje fan de Afûk leard, mar it omkearen fan tiidwurden raast oan de protters.”

Kadootsje

Muzikale meiwurking waard diskear ferliend troch Jankobus Seunnenga, bekend fan it eardere Pigmeat. Hy song foar in part yn it Frysk en foar in part yn it Liwwadders. By de fyftjinde priisútrikking fanôf 1982 waard hy yntrodusearre troch boargemaster Jouke Douwe de Vries dy’t al jierren ek gitarist/sjonger is, mar no foarsitter fan it Simke Kloostermanlien. By it oantreden as boargemaster fan Achtkarspelen wie dit neffens him it kadootsje. ,,Dit krije jo derby.”

Neffens tradysje kamen de útnoege minsken, ûnder wa de âld-boargemasters Louis Lyklema en Gerben Gerbrandy, nei ôfrin fan de priisútrikking by it Simke Kloostermanhûs. Yn de styl fan Simke stiet der dan altyd abbekaat mei slachremme klear en boerejongens.

Bron – Tekst en foto’s: Jelle Raap | Nieuwsblad Noordoost Friesland