FACEBOOKBERJOCHT THEO BROERSMA – Op de 18e fan de rispmoanne fan 1960 binne ús heit en mem troud en hjoed, 60 jier letter is it feest. Wol in feest mei in corona râne.Wethâlder Jouke Douwe de Vries kaam lâns yn Dokkum mei in kopy fan it houlik sertifikaat út 1960. Se foenen it in prachtich dokumint en de wethâlder in belutsen en aerdich man. Fansels spile ek mei dat de Vries fan deselde bertegrûn kaam, dat skept in bân. Mei in kast fol kaarten en in hûs fol blommen binne se net ferjitten.