Lokale en provinsjale polityk ferkenne opsjes om Turkije en Syrië te stypjen

  • Berichtcategorie:politiek

Lokale en provinsjale politisy út Fryslân sykje nei mooglikheden om slachtoffers fan de ierdskuoddingsramp yn Turkije en Syrië te helpen. Dat die snein bliken yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.

Wethâlder Jouke Douwe de Vries (S!N Noardeast-Fryslân) wie it meast konkreet. “Hjir hawwe wy as gemeente gjin potsje foar, mar wy komme dizze wike dochs mei in foarstel. Dit is sa ferskriklik, hjir moatte jo gewoan foar stean, fine wy.”

It giet om in inisjatyf dat neffens De Vries al troch mear gemeente naam is. De Vries seit dat dit komt om’t sy graach mear dwaan wolle as allinnich mar meilibje. “Fansels bart dat ek. Us boargemaster hat bygelyks al mei ferskate Syryske húshâldens yn de gemeente kontakt hân, mar dêrnjonken tinke we dus ek nei oer in behoarlike donaasje.”

Lês hjir fierder

Boarne/foto: Omrop Fryslân