Nije single ‘By Dokkum Om’

  • Berichtcategorie:politiek

As ien breedsprakich is, sizze se ek wol dat dyjinge ‘by Dokkum om’ giet. No is der in hiel soad moais oer Dokkum te fertellen, dus as je dan aardich wat tekst brûke, is dat net sa frjemd. Mei dat gegeven skreau ik yn 2007 de tekst fan ‘By Dokkum om’. De muzyk wie in oar ferhaal. It slagge my mar net om de júste toan te finen. Oant no. Hjoed haw ik it liet op Spotify en Apple Music útbrocht.

Fansels moast dêr ek in moai klipke by. Mei âlde bylden fan Dokkum, fûn ik. Ik wie dan ek hiel bliid dat Johan van der Bij fan de Facebookgroep ‘Oud Dokkum’ my oan dy bylden helpe woe en koe.

It resultaat fine jim by dit berjocht. Ik bin benijd wat jim derfan fine. En op foarhân sorry foar de lytse kabareteske kwinkslach oer Bonnefaas. Ik koe it net litte…

(Nederlands)

Als iemand breedsprakig is, zeggen Friezen ook wel dat diegene ‘bij Dokkum om’ gaat. Nu is er heel veel moois over Dokkum te vertellen, dus als je dan behoorlijk wat tekst gebruikt, is dat niet zo vreemd. Met dat gegeven schreef ik in 2007 de tekst van ‘ By Dokkum om ‘. De muziek was een ander verhaal. Het lukte mij maar niet om de juiste toon te vinden. Tot nu. Vandaag heb ik het lied op Spotify en Apple Music uitgebracht.

Natuurlijk moest daar ook een mooi clipje bij. Met oude beelden van Dokkum, vond ik. Ik was dan ook heel blij dat Johan van der Bij van de Facebookgroep ‘Oud Dokkum’ mij aan die beelden wilde en kon helpen.

Het resultaat vinden jullie bij dit bericht. Ik ben benieuwd wat jullie ervan vinden. En op voorhand sorry voor de kleine cabareteske kwinkslag over Bonifatius. Ik kon het niet laten…

(tekst)

By Dokkum Om

Simmerdei de Wâldpoartbrêge

Dy’t hieltyd iepen stiet

De parade fan toeristen

Dy’t farre fan Ie nei Djip

Fytse lâns it Bolwurk

Harkje ‘t kariljon

Dan tink ik: Ja,

Ik gean graach by Dokkum om

Winterdei de alfde stêd

De redens út it fet

Al stikem keare op ‘e Syl

Komt er dit jier ek wer?

Efkes op nei Bartlehiem

En it Bolwurk del werom

Dan tink ik: Ja,

Ik gean graach by Dokkum om

En dan noch efkes oer Bonnefaas

Jim witt’ hoe’t it him fergong

Ja, it is wier in tryst relaas

Hy gong ek by Dokkum om

Sneontemoarn de Heechstrjitte del

Lekker winkelje om ‘e nocht

In terraske oan ‘e wetterkant

En dan de Breedstrjitte troch

En as jim my no freegje

En der in floed oan wurden komt

Dan sis ik: Ja,

Ik gean graach by Dokkum om